Foldwaande foar Arriva

08 okt 2004 - 16:29

Busbediuw Arriva krijt in 'krappe foldwaande' fan in ûndersyksburo foar har prestaasjes yn Súdeast-Fryslân. It ôfrûne jier is yn it ramt fan it projekt Senioor ûndersyk dien nei de tsjinstferliening troch Arriva. In legerke fan waarnimmers hat de buslinen fan Arriva ûndersocht.

Arriva foldocht oer it generaal oan de easken, mar skoarde leech op it op 'e tiid riden, op it skjin wêzen fan 'e bussen en op ynformaasjefoarsjenning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)