Folder foar mantelsoargers

07 maaie 2009 - 09:38

Fiif gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân komme meikoarten mei in mantelsoarchfolder. Dy is bedoeld foar minsken dy't op frijwillige basis foar oaren soargje. Yn de folder steane adressen dêr't mantelsoargers ynformaasje krije kinne. Ek binne der in tal petearen mei mantelsoargers yn opnaam.

De folder wurdt hûs-oan-hûs ferspraat yn de fiif gemeenten. It giet dan om It Amelân, Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)