Folchsysteem SKS oerbelêste

02 aug 2011 - 14:29

Mei it saneamde track en trace folchsysteem op de website fan it SKS-skûtsjesilen binne problemen. In soad taskôgers by de wedstriden besjogge op har mobyltsje ek de SKS-webside om de skippen goed folgje te kinne.

Troch de grutte ynteresse rekket it pleatslike mobile netwurk oerbelêste. Gefolch is dat de sinjalen fan de transponders op de skûtsjes net mear goed trochkomme. As proef wurde de transponders no fan it dek ôfhelle en oan de gaffel fan de skippen fêstmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)