Folchfloat hat oar plak nedich

25 jul 2007 - 13:39
  • de skûtsjes sneon by Grou

De folchskippen fan de SKS kinne kommende sneon net yn it oanfierkanaal fan it Hoogland-gemaal by Starum lizze, lykas oars. Om't it de lêste dagen in soad reind hat, moat der mealle wurde. Dat hat ynfloed op it wetterpeil en de streaming en dêrtroch is it te gefaarlik foar de float. Boaten kinne losreitsje en minsken kinne yn it wetter falle.

Yn oerlis mei de SKS wurdt besocht in oar plak foar de folchfloat te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)