Fol programma konkoers Snits

07 jun 2014 - 09:30
  • Konkoers hippyk yn Snits

Ofrûne tongersdei foel de earste dei fan it konkoers hippyk yn Snits letterlik yn it wetter. Fanwege it minne waar moasten de wedstriden ôfsein wurde. In flinke tebeksetter. Net allinnich omdat it de 25e edysje en dus in jubileum is, mar ek omdat it finansjeel gefolgen hawwe kin. Foar in slutende begrutting moatte genôch dielnimmers en taskôgers nei it evenemint komme. Foar sneon sjocht it der better út. It wetter is fuort en der is in fol programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)