Foksen kinne seehûnefirus krije

13 jul 2002 - 00:00

Foksen kinne it seehûnefirus ek krije. Dat seit firoloog Osterhaus, heechlearaar oan de Rotterdamse Erasmus Universiteit. Neffens him hawwe in protte foksen de hûnesykte hân en dy liket in soad op it seehûnefirus.

Yn Grinslân is in oanfretten seehûn fûn by in foksehoal. Om't foksen ek oan de hûnesykte deagean, soe it seehûnefirus itselde effekt hawwe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)