'Foksen hearre net op Flylân'

14 jul 2009 - 14:38
  • De foks op Flylân (byld Kees Mostert)

Staatsbosbeheer hat de Wyldbehearsienheid fan Flylân frege de foksen dêr te fangen. As dat net slagget mei der op sketten wurde. Dat hat de Staatsbos tiisdei besletten.

De bisten hearre net thús op it eilân en it is neffens de natuerorganisaasje ûnmooglik dat se sels de oertocht makke hawwe. Der wurdt ek oanjefte dien by de plysje fan it yllegaal yntrodusearjen fan in bistesoart. De foksen hawwe in soad skea oanrjochte ûnder briedende fûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)