Foksejacht mooglik tastien

22 nov 2002 - 00:00

Minister Veerman fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij wol yn oerlis mei de provinsjes de jacht op de foks wer frijjaan. De provinsje Fryslân soe oanjaan moatte dat de hjoeddeistige regeljouwing net foldocht.

Sûnt 1 april is de nije Floara- en Faunawet fan krêft dy't der foar soarget dat de foks beskerme is en net bejage wurde mei. Natuerbehear, boeren en greidefûgels hawwe lykwols in soad skea fan de bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)