'Foksejacht moat fleksibeler'

19 jan 2010 - 13:40

Mei it ferbod op de foksejacht yn de winter soe fleksibeler omgien wurde moatte. Dat fynt Germ Brouwer fan Diken. De helte fan syn sier-einen en guozzen binne ferline wike troch foksen ôfslachte. De bisten komme fan de oare kant fan de Kûfurdermar. Om't der iis lei koenen se oerstekke en by de fûgels komme.

Brouwer is benaud dat it wer barre sil. Syn einen en guozzen sitte dêrom yn in ôfsletten hok. Dêr komme se no allinnich ûnder tafersjoch út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)