Fokke Postma wint Ljouwert

26 jun 2007 - 21:40

Fokke Postma fan Drachtster Kompenije hat tiisdeitejûn "De Liuw fan Ljouwert", in kritearium mei de einstreek op de Nijstêd, wûn. Mei de nûmer twa, Rutmer Faber fan Easterwierrum, makke Fokke Postma de wedstriid. Jan Bos fan Nijhoarne waard tredde.

Troch it minne waar wiene in protte hurdfytsers thúsbleaun. Oaren dy't wol oan de striid begûn wiene, stapten betiid ôf omdat it faak sjippeglêd wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)