Fokke Postma 3de yn Noarwegen

06 jul 2008 - 15:18
  • Fokke Postma yn 'e bocht yn Noarwegen

It Fryske hurdfytstalint Fokke Postma fan Drachtsterkompenije is tredde wurden yn it klassemint fan it Norsk Syklefestival yn Laerdal. It Syklefestival waard snein ôfsletten mei in berchetappe oer 146 kilometer. Postma pakte yn de lêste etappe noch punten yn tuskensprints, wêrtroch hy noch wat klom yn it klassemint.

Der diene trije Nederlânske ploegen mei oan it Noarske evenemint. Fokke Postma is de bêste Nederlanner yn it einklassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)