Fokdei foar Fryske hûnerassen

25 okt 2003 - 00:00

Stabij- en wetterhûnen stiene sneon yn it middelpunt op in fokdei yn Emmeloard. De rassen wurde hieltyd populêrder. Foar in 'Bijke mei papieren' is in wachtlist fan twa jier. De Feriening foar Stabij- en Wetterhûnen hat de hûnedei organisearre.

Yn 'e maneezje koene eigners harren stabij of wetterhûn kontrolearje litte op ras-echtens. Stabijen en wetterhûnen binne erkende rassen sûnt 1942. In echte stabij kostet 450 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)