Fogelsanghstate fierhinne klear

07 feb 2003 - 00:00

Nei jierren is de restauraasje fan bûtenferbliuw Fogelsanghstate yn Feankleaster fierhinne klear. It haadgebou en it koetshûs binne opknapt. De Noardfleugel moat noch. De gebouwen binne opknapt en tagonkliker makke foar minder faliden.

Fogelsanghstate sil yn juli as museum de doarren iepenje foar it grutte publyk. Foar dy tiid moatte de âlde meubels werom en it ynterieur fierder oanklaaid wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)