Foeraazjebedriuwen fusearje

17 feb 2012 - 14:22

Twa Fryske ferkeapers fan bistefretten, keunstdong en oare saken foar boeren geane mei-inoar fierder. It giet om Weidse Blik op De Jouwer en Agro de Horne yn Aldhoarne. De bedriuwen wurkje al in skoft mei-inoar gear. De namme wurdt 'Weidse Blik'.

Under it nije bedriuw falle ek it distribúsjesintrum Noard BV en Struik Joure BV. De haadlokaasje wurdt it besteande gebou mei de winkel en de weechbrêge op 'e Jouwer. It wurkgebiet beslacht in grut diel fan Fryslân en parten fan Grinslân, Drinte en Oerisel. Der wurkje likernôch 16 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)