Foekje-monumint yn de maak

21 maaie 2013 - 16:26
  • Foekje Dillema

Keunstner Ids Willemsma út Easterwierrum is begongen mei in monumint foar Foekje Dillema. De hurdrinster dy't yn 2007 ferstoar rûn yn 1950 in Nederlânsk rekôr op de 200 meter, mar flak dêrnei waard se skorst troch de atletykuny, omdat se gjin frou wêze soe.

Nei har dea yn 2007 hat Foekje Dillema earherstel krigen. Ids Willemsma hat fuortendaliks nei de dea fan Foekje Dillema sein dat se in monumint fertsjinnet. It ûntwerp wie der al gau. Mei aksjes ûnder partikulieren en bedriuwen is it jild der no ek. It byld sil dizze simmer klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)