Foekje Dillema wie wol in frou

21 jul 2008 - 07:03
  • Foekje mocht net fan Fanny winne

Atlete Foekje Dillema wie in frou. Yn it VPRO-programma Andere Tijden Sport waard de útslach fan de DNA-test sneintejûn bekend makke. Foekje Dillema wie in talintfol atlete en hurd op wei om in serieuze konkurrinte te wurden fan folksheldin Fanny Blankers-Koen. Se rûn in Nederlânsk rekôrd op de 200 meter, mar waard yn 1950 troch de atletykuny skorst nei in dubieuze sekse-test.

Foekje hat sels nea oer de saak prate wollen, se ferstoar yn desimber 2007.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)