Foekje Dillema op korsowein

10 jul 2013 - 20:33
  • Foekje Dillema

Der docht dit jier by it blommekorso yn Valkenswaard in wein mei oer Foekje Dillema. De hurdrinster út Boerum stiet sintraal op ien fan de 14 weinen dy't meidogge oan it korso. Tema fan it blommekorso is dit jier 'vergeten Nederlanders'.

De betinkers fan de wein wiene allegear rekke troch it ferhaal fan Foekje Dillema. Se binne yn de skiednis dûkt en ha in ûntwerp makke. Der wurdt in atletykbaan makke mei dêrop 5 dielnimmers. Foekje rint foarop. Op de wein wurde 200.000 blommen brûkt.

It korso is op 8 september. Der wurde sa'n 30.000 minsken ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)