Foeke Tiemensma wint Nederlânsk kampioenskip damjen FRYSK!

28 des 2015 - 10:54

Foeke Tiemensma fan Frjentsjer is snein Nederlânsk kampioen damjen yn de fariant FRYSK! wurden. Hy fersloech yn twa barraazjepartijen Folkert Groenveld fan De Hommerts. FRYSK! is in nije fariant op it bekende Frysk damjen, it wurdt spile mei mar fiif skiven. De 13-jierrige Jeljer Westra fan Lollum waard ferrassend fyfde.

Der diene 18 dammers mei oan it nasjonale kampioenskip Frysk spul dat hâlden waard yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert.

Op 20 jannewaris is der foar it earst in wrâldkampioenskip foar dizze fariant, dat wurdt hâlden yn Frjentsjer. De fariant FRYSK! kin ek spile wurde op tablet en smartphone, dêrfoar is in app beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)