Foedselbank wurdt profesjoneel

14 mrt 2006 - 17:33

It wurk fan de foedselbanken yn Fryslân wurdt profesjoneler oanpakt. De provinsje wurdt yn trije parten opdield mei sintrale foedselbanken yn de Súdwesthoeke, de Súdeasthoeke en yn it noarden fan de provinsje.

It inisjatyf ta in profesjonelere oanpak komt fan de lanlike organisaasje. Sa is der al ien grut lanlik depot yn Rotterdam. Dat foar Noard-Nederlân stiet yn Meppel. Fryslân krijt trije lytse depots.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)