Foedselbank dielt kado's út

13 des 2013 - 12:00
  • Foedselpakketten fan de Drachtster foedselbank
  • De foedselbank dielt presintsjes út
  • De foedselbank hat ek make-up yn de oanbieding...

De klanten fan 'e foedselbank Drachten wurde freed oerladen mei kado's lykas kaarten foar de Lawei, VVV-bonnen, bioskoopkaarten en make-up. De klanten binne der wiis mei. Guon hawwe noch nea yn in skouboarch west, no ha se de kâns. De foedselbank hat in goed imago, neffens foarsitter Harry Tjeerdsma. Dêrom krije se in soad ekstra's yn dizze tiid.

Sa binne de VVV-bonnen in moaie ynstruier foar de foedselbankklanten. In soad sitte yn 'e skuldsanearing, Jild dat se krije giet gelyk nei de skuldeaskers. Dat jildt net foar de VVV-bonnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)