Foechwurk oan it Woudagemaal

08 okt 2002 - 00:00

It monumintale Woudagemaal op 'e Lemmer wurdt op it stuit opknapt troch dûkers. Krekt boppe en ûnder de wetterline is it min steld mei it Woudagemaal. It measte foech is der út en dat soarget foar lekkerij.

De dûkers fan Nautico fan De Jouwer binne spesjalisearre yn dit soart wurk ûnder wetter. It bedriuw tinkt mei de foarkant tsien dagen dwaande te wêzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)