Foech gasboarrings by Nederlân

06 maaie 2004 - 00:00

De Europeeske kommisje hat neat te sizzen oer it al of net winnen fan gas yn de Waadsee. Dat seit foarsitter Cazemier fan de Raad voor de Wadden. Hy reageart op in útspraak fan de Europeeske kommisje, dat der pas gas wûn wurde mei at der gjin negative gefolgen binne foar it gebiet.

Allinne as it fan grut iepenbier belang is dat der gas wûn wurdt, mei dat, neffens de Europeeske kommisje. En jild fertsjinje oan gas falt dêr net ûnder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)