Fochtskea yn Ruurd Wiersmahûs

06 aug 2009 - 14:06
  • It skilderwurk is oantaaste troch focht yn de muorre
  • It bestjoer wol it museum graach restaurearje

It Ruurd Wiersmahûs wurdt bedrige troch fochtproblemen. It bestjoer makket him soargen oer it museum yn Burdaard. Wiersma hat by syn libben syn hûs hielendal beskildere. Troch focht yn de muorren giet it skilderwurk ferlern. Om de muorren te reparearjen en it skilderwurk yn stân te hâlden is 50.000 euro nedich.

It bestjoer wachtet in ûndersyksrapport oer de restauraasje ôf en tinkt nei oer de finansiering fan in restauraasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)