Fochteloërfean moat wieter

12 jan 2010 - 21:13

Der wurde maatregels naam om mear wetter yn it Fochteloërfean te hâlden. Dat hawwe de fjouwer eigners fan de grûn yn it natuergebiet besletten. Under har binne Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten. Op dit stuit rint der noch tefolle reinwetter fuort wêrtroch it gebiet ferdroeget en de oarspronklike feanbeplanting ferdwynt.

Troch kaaidiken om it gebiet te lizzen moat it fuortrinnen fan wetter foarkaam wurde. Ek wurde de sletten yn it gebiet tichtgoaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)