Foarum oer alkoholgebrûk

27 jun 2009 - 11:02

De gemeente It Bilt hat freed op de eigen website in foarum iepene dêr't minsken diskusjearre kinne oer alkoholgebrûk troch jongeren. It foarum is bedoeld foar jongeren en har âlders. Dy kinne ûnder oaren diskusjearje oer de fraach oft jongeren ûnder de 16 jier alkohol drinke meie of net.

De gemeente It Bilt makket him bot soargen oer ûndersiken dy't sizze dat jongeren faker en mear drinke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)