Foarstelling skrast nei brân

20 sep 2010 - 14:41

Troch in koarte brân kin de foarstelling fan Cor Bakker en Brigitte Kaandorp yn De Harmonie yn Ljouwert woansdeitejûn net trochgean. De brân wie yn it elektrisiteitssysteem yn de grutte seal. Dat is dêrtroch skansearre.

De Harmonie is dwaande is systeem te herstellen en giet der fanút dat dat yn de rin fan 'e wike klear is. Foar de sekerheid is de foarstelling fan woansdeitejûn ferpleatst nei tongersdei 30 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)