Foarstelling Lân nei NYC

28 jan 2009 - 12:33
  • Sytze Pruiksma: nei New York

400 jier lyn kaam it earste VOC-skip oan yn New York. Dêrom is it dit jier feest yn New York. Underdiel fan dat feest is it festival 'New Amsterdam' op it Governers Eilân. Joop Mulder is artistyk lieder fan it festival.

De tariedings en it programma binne hast klear. Mulder ferwachtet dat troch de nije kontakten Nederlânske selsskippen yn Amearika trochbrekke kinne. Underdiel fan it festival New Amsterdam is de foarstelling 'Lân' fan Sytze Pruiksma en Herman Zeilstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)