Foarstelling fan Hylke Speerstra foar en oer feteranen

04 maaie 2015 - 15:37
  • Hylke Speerstra

Feteranen kinne op sneintemiddei 17 maaie fergees nei in spesjale, ienmalige foarstelling fan skriuwer Hylke Speerstra en muzikant Gerrit Breteler. De foarstelling is yn it Frysk Lânboumuseum yn Earnewâld. It museum stelt dan ek in romte beskikber dêr't Yndiëgongers eigen guod dellizze kinne om sjen te litten.

Hylke Speerstra is de skriuwer fan it súksesfolle boek 'Op klompen troch de dessa'. Dat giet oer Fryske jonges dy't fjochtsje moasten tsjin de ûnôfhinklikheidsstriders yn Yndonezië. In striid dy't se ferlearen.

Oare belangstellingen binne ek wolkom by de foarstelling. Foar harren is de priis 12,50 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)