Foarstel Sander Dekker betsjut de ein selsstannigens Omrop

25 aug 2015 - 15:13
  • Steatssiktaris Sander Dekker

Steatssiktaris Sander Dekker fan media wol noch dit jier in Stichting RPO (Regionale Publieke Omroep) oprjochtsje. De nije organisaasje krijt de opdracht om alle regionale omroppen nau gearwurkje te litten en om de ynboekte besuniging fan 17 miljoen euro mei yngong fan 2017 te realisearjen. Dekker skriuwt dit yn it wetsfoarstel dat hy tiisdei nei de Twadde Keamer stjoerde.

De steatssiktaris leaut net dat de al langer besteande Stichting ROOS fan de trettjin regionale omroppen by steat is om de winske reorganisaasje troch te fieren.

De RPO giet yn 2016 oan de slach as kwartiermakker foar de regionale omroppen. De rol fan de trettjin regionale omroppen feroaret takom jier noch net. De RPO krijt in deistich bestjoer fan op syn meast trije leden. De RPO wurdt yn it foarstel fan Dekker it iennichste oansprekpunt oer de regionale omrop foar it ministearje fan OC en W. Ek wurdt RPO de iennichste konsesjehâlder foar de regionale omroppen.

As it foarsel fan steatssiktaris Dekker sa oannommen wurdt sûnder fierdere oanfollings en wizigings is de selsstannige posysje fan Omrop Fryslân fan de baan. Yn Fryslân wurdt noch drok aksjefierd foar in selsstannich Omrop Fryslân troch ûnder oare de Freonen fan Omrop Fryslân en de Ried fan de Fryske Beweging. Ek de provinsje Fryslân is fan betinken dat Omrop Fryslân in selsstannige posysje mei in eigen bestjoer hâlde moatte soe.

Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân nimt it foarstel fan Dekker foarearst foar kundskip oan. Neffens Koster is de stifting Roos, de koepel fan regionale omropppen, noch yn petear mei de steatssekretaris. Dekker skriuwt dit ek syn brief oan de Twadde Keamer. De ferwachting is dat der begjin takom wike mear dúdlikheid komt oer de gefolgen foar Omrop Fryslân.

Sjoch hjir foar it wetsfoarstel fan Dekker en de taljochting dêrop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)