Foarstel opposysje is fersmiten

26 feb 2003 - 00:00

It foarstel fan de opposysjepartijen is woansdei fersmiten. Nei in lang debat yn de Provinsjale Steaten waard der stimd. 29 stimmen wienen tsjin en 19 foar. It beslút fan juny 2002 om 200 miljoen beskikber te stellen foar de trein wurdt net weromdraaid.

De moasje fan de VVD is wol oannommen. De Steaten moatte it folk rieplachtsje oer de oanlis fan de magneetsweefbaan. Binnen in moanne moat der in plan fan oanpak en in tiidspaad fêststeld wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)