Foarstel brede skoalle oanpast

03 mrt 2005 - 08:14

B&W Boarnsterhim is mei in nij foarstel kommen oer it festigingsplak fan in brede skoalle yn Akkrum. De ried gie earst net akkoart mei de kar foar Akkrum-East. Der moast earst ekstra ûndersyk komme, oars wie de kâns op in bestjoerskrisis grut.

Yn it nije foarstel bliuwt it kolleezje lykwols by de kar foar Akkrum-East. Ek it frege ekstra ûndersyk is net dien. Wol is alles helderder op papier set. Dat moat de partijen oertsjûgje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)