Foarsprong Cambuur net genôch

12 nov 2000 - 00:00

In foarsprong fan 3-1 wie sneon foar Cambuur net genôch om de winst te pakken. Tsjin Emmen waard it úteinlik 3-3.

Van Beelen en De Freitas soargen derfoar dat Cambuur by rêst mei 2-1 foar stie. De Freitas makke ek noch 3-1, mar yn de 70e minút stie Emmen al wer op 3-3. Opfallend by Cambuur wie it ynfallen fan De Roo, dy't lang blesseard wie, en fan Durmusoglu, koartlyn út de seleksje set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)