Foarsitter Tom Metz hâldt op by VC Snits

23 des 2014 - 08:56

Foarsitter Tom Metz fan follybalklup Snits hâldt der mei op. Nei fjouwer jier fynt er it wol bêst. Jabik Broersma stelt him kandidaat as opfolger fan Metz. Dy nimt ôfskied nei in geweldich jier foar VC Snits. De froulju hellen foar it earst yn mear as tweintich jier wer Europeesk follybal. Dêryn waarden de froulju wol yn de earste ronde útskeakele troch Apeldoorn.

Njonken it fuortgean fan Metz, hat Snits der wol in spylster by: Carlijn Ghijssen-Jans, midspylster, komt per direkt oer fan topdivisionist Taurus.

De nije oanwinst is de ferfanger fan Klaske Sikkes, dy't oant en mei heal febrewaris útskeakele is troch in ankelblessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)