Foarsitter SKS tefreden oer ''fantastysk'' kampioenskip

31 jul 2015 - 18:30
  • It Jouster skûtsje is foar it earst kampioen fan de SKS
  • Peter de Jong doe't hy foarsitter wie fan de SKS.

Foarsitter Peter de Jong fan de SKS sjocht werom op in ''fantastysk'' kampioenskip. De lêste edysje fan it SKS skûtsjesilen wie hiel spannend om't de skippen yn it klassemint tichtby mekoar stiene. Dat is neffens De Jong mei te tankjen oan it belied fan de SKS om de skûtsjes safolle mooglik gelyk te krijen, sadat it mear op de bemanningen oankomt.

It troch De Jouwer wûne kampioenskip hat tusken de 150.000 en 200.000 besikers lutsen. Dêrneist folgen sa'n 200.000 minsken de wedstriden fia de webside fan de SKS.

De Jong is ek goed te sprekken oer de wedstriidkommisjes, dy't hieltiid profesjoneler wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)