Foarsitter PAL lulk opstapt

31 okt 2001 - 00:00

Foarsitter Piet van der Wal fan PAL/ Grien Links is lulk opstapt. Van der Wal is tige teloarsteld oer it optreden fan 'e PAL/Grien Linksfraksje by it riedsdebat oer it opstappen fan Van Maaren.

Neffens Van der Wal hie syn fraksje in moasje fan ôfkarring yntsjinje of stypje moatten. Hy wie ferbjustere dat fraksjefoarsitter Uiterwijk Winkel hjir fan ôfseach en stapte gelyk op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)