Foarsitter Fryslân Bank fuort

17 mrt 2009 - 09:18
  • Foarsitter Cramer fan de Ried fan Bestjoer stapt op

Willem_Cramer lûkt him per direkt werom as foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan de Friesland Bank. Dat bart nei goed ûnderling oerlis, sa stiet yn in parseferklearring fan de bank. Beide partijen sjogge oars tsjin it te fieren belied oan, sizze se.

Cramer hat de bank laat sûnt april 2005. De sittende leden fan de Ried fan Bestjoer binne no ferantwurdlik foar it bestjoer fan de Friesland Bank. De Ried fan Kommissarissen beriedt him op de taakferdieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)