Foarried fjoerwurk stellen

29 des 2008 - 10:20
  • De ynbrekkers makken it gat ek wer ticht

By in fjoerwurkhannel yn Dokkum is sneontenacht de hiele foarried fan 4000 kilo stellen. De dieven hiene in gat yn 'e muorre makke. It fjoerwurk is nei alle gedachten op in karre laden. Net ien hat wat sjoen, mar in buorman seach letter yn 'e nacht fuotstappen yn 'e snie. Hy warskôge de eigner. De dieven hiene it gat wer provinsoarysk tichtmakke, sadat de stellerij net daliks opfalle soe.

De eigner hat snein in nije foarried regele. De ferkeap begjint moandei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)