Foarrang boukavels Dongeradiel

28 mrt 2003 - 00:00

De ynwenners fan de doarpen yn de gemeente Dongeradiel krije foarrang by de keap fan boukavels. Se moatte dan wol bewize kinne dat se sosjaal- maatskiplik bûn binne oan har doarp.

In moasje dêroer fan de FNP waard tongersdei oannommen yn de gemeenteried. De FNP fynt dat de eigen ynwenners as earste oan bod komme moatte by de útjefte fan nije boukavels. Dat soe yn it belang wêze fan de sosjale gearhing yn de doarpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)