Foaroardielen oer handicapten

29 mrt 2007 - 17:17

Ek Fryske wurkjouwers ha noch in soad foaroardielen oer minsken mei in handicap. Sa soenen se net hurd genôch wurkje en moat der te folle foar oanpast wurde. Gefolch is dat der fierste min handicapten oannaam wurde.

It fakbûn CNV is dêrom dwaande mei in aksje. Tongersdei wiene se mei de foarsitters yn Drachten. By ferskate bedriuwen, as Philips en Van der Wiel transport, bringe se de wurkjouwers yn kontakt mei jongeren mei in handicap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)