Foarljochting smoarch wetter

26 maaie 2014 - 12:01

Minsken op drokke Marrekrite-lisplakken of by it skûtsjesilen kinne fan 't simmer foar it earst besite krije fan in 'smoarchwetterboat' fan de Marrekrite. Dy moat minsken safier krije dat sy it smoarge wetter net mear fuortrinne litte. Dat dogge sy troch foarljochting te jaan en oan te bieden it smoarge wetter oer te pompen.

It is ferbean om smoarch wetter te loazen en foaral Dútsers fine it hieltyd wichtiger dat it wetter dêr't sy yn farre en swimme, skjin is.

Der wurdt ek in spesjale app makke. It rekreaasjeskip wol dêr trije jier mei trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)