Foarljochting rasisme yn Dokkum

05 nov 2003 - 00:00

Skoallen yn Dokkum en omkriten wolle learlingen tenei faker wize op de gefaren fan rasisme. De jongeren sille ek strang op har hâlding nei bûtenlanners oansprutsen wurde.

Dat is woansdei ôfpraat nei oanlieding fan de konflikten tusken 25 jongeren en bewenners fan it azc yn Dokkum, in pear wiken lyn. Mei de belutsen jongeren en har âlden is de ôfrûne wike wiidweidich praat. Ien fan de jongeren is troch de skoalle skorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)