Foarljochting oer hûdkanker

21 maaie 2011 - 16:06

Ek yn Fryslân ûnderskatte minsken de kâns op hûdkanker. Noch fierste faak beskermje se har hûd net goed tsjin de sinne. Gefaarlik sizze se by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Dêr diene se sneon mei oan de lanlike Bescherm-je-huid-dei. Der waard foarljochting jûn oer de gefaren fan 'e sinne en tips oer in bettere beskerming.

Yn 2000 wiene der hast 21.000 nije gefallen mei hûdkanker yn ús lân. De ferwachting is dat dat yn 2015 hast 37.000 minsken wêze sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)