Foarljochting oer breedbân

12 okt 2011 - 12:13

De provinsje hat Fryslân Ring in subsydzje jûn fan 50.000 euro foar bedriuwsfoarljochting oer breedbânynternet. Troch it wurk fan Fryslân Ring binne de lêste fiif jier tûzen bedriuwen oerstapt op it rappe glêsfezelnet. Mei sa'n ferbining kinne bedriuwen bygelyks kamerabefeiliging oanlizze. Fan de 31 Fryske gemeenten hawwe 22 no bedriuweterreinen mei in oansluting op glêsfezel. Fryslân Ring wol dat alle gemeenten soks krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)