Foarlêsdagen op skoallen

24 jan 2014 - 08:52

Op pjutteboartersplakken en basisskoallen wurdt dizze dagen ekstra foarlêzen. Ek binne der allegear spesjale aktiviteiten, yn it ramt fan de Nationale Voorleesdagen. Sa waard der op de Sint Jozefskoalle op De Lemmer in foarlêsmoarnsbrochje holden.

Heiten lêze folle minder foar as memmen, sa docht bliken út ûndersyk. Dat, wylst it in posityf effekt hat op de taalûntwikkeling fan bern as krekt heiten lêze mei de bern. It binne benammen memmen en beppes dy't de bern in ferhaal foarlêze.

De Nationale Voorleesdagen bestean sûnt 2004. Sintraal dit jier stiet it printeboek fan it jier 2014: Krrrr...okodil. De foarlêsdagen duorje noch oant en mei 1 febrewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)