Foarkarstimmen foar Jorritsma

12 mrt 2003 - 00:00

Annemarie Jorritsma út Boalsert is mei foarkarstimmen yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân keazen. De VVD-frou is sûnt in moanne waarnimmend boargemaster fan Delfsyl.

De âld-minister fan ekonomyske saken hie yn it foar al oanjûn dat se yn Delfsyl bliuwt, ek al soe se yn de Steaten keazen wurde. Neffens Kommissaris Nijpels is it unyk dat in boargemaster út Grins ferkeazen wurdt as steatelid yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)