Foarkar Thialf by Fean-stadion

13 jan 2009 - 09:50

It nije Thialf soe it bêste oan de noardkant fan it Abe Lenstrastadion op It_Hearrenfean komme kinne. Moandei is yn in besletten gearkomste fan riedsleden in ûndersyk presentearre dêr´t in foarkar útsprutsen wurdt foar dat plak. Dat wurdt befestige troch in tal boarnen.

De oare lokaasje is oan de oare kant fan de A32. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders nimt tiisdei in beslút oer de nije lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)