Foarferkeap Wâldrock rint goed

03 jun 2003 - 00:00

Foar it hardrockfestival Wâldrock yn Burgum op 21 juny binne no 10.000 tagongskaarten ferkocht. Dêrmei liket it besikerstal it heechste sûnt jierren te wurden. Oars kamen 7000 besikers nei it metalbarren yn Burgum. It festival kinne maksimaal 12.000 minsken hawwe.

Dit jier is der foar it earst in saneamde pre-party, freedtejûn 20 juny yn dancing Quatrebras yn Noardburgum. Wâldrock hat twa poadia, wêrtroch't 15 bands opsteld wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)