Foarferkeap PC-kaarten ferlingd oant en mei 25 april

17 apr 2015 - 12:21
  • Iepening PC

De foarferkeap foar de PC-keatswedstryd yn Frjentsjer is mei in wike ferlingd. Neffens de organisaasje giet de ferkeap fia ynternet wol goed, mar bestelle folle minder minsken mei de bon dy't alle jierren yn de Fryske kranten stiet. Dy bon stie der diskear yn it peaskewykein yn, mar belangstellenden joegen dizze wike oan dat se dy mist hawwe.

Om dy reden stiet de bon moarn nochris yn de Ljouwerter Krante en is de foarferkeap foar de PC mei in wike ferlingd. Dy soe sneon ôfrinne, mar giet no troch oant en mei 25 april.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)