Foarferkeap Harmonie moat oars

24 okt 2000 - 18:46

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert moat de kaartferkeap oars regelje. Dat stelt de gemeentlike PvdA-riedsfraksje yn in brief oan it skouboarchbestjoer. Freonen fan De Harmonie en abonneminthâlders ha no foarrang by it bestellen.

De partij wol dat de foarferkeap fan de kaarten foar elkenien iepensteld wurdt. Mei it hjoeddeiske systeem sitte faak deselde minsken yn de seal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)