Foarearst gjin staking Doeksen

26 jun 2008 - 10:49
  • Foarearst gjin staking by Doeksen.

Der wurdt foarearst net staakt troch it personiel fan rederij Doeksen. De direksje hat tasein dat koarte tsjinsten fan in pear oeren safolle mooglik beheind wurde. De meiwurkers op de fearboaten nei Skylge en Flylân wurkje 36 oeren yn de wike. De fakbûnen wolle dat dy oeren safolle mooglik oer fiif dagen ferdield wurde en net oer seis of sân dagen yn de wike.

De fakbûnen ha de tasizzings fan de direksje mei de leden besputsen. Alles moat noch wol op papier set wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)